UPDATE: Steuring slûs Makkum ferholpen; brêge Noarder Alde Wei wol sletten

27 jul 2019 - 10:53

De slûs fan Makkum wie sneontemoarn koarte tiid ticht fanwegen in technyske steuring. De slûs yn it Van Panhuyskanaal wurdt yntusken wer betsjinne en it farferkear kin der wer trochhinne.

Foto: Wikipedia

Ek de Jaansleatbrêge by Langwar kin wer brûkt wurde. Yn ferbân mei in steuring waard dy net betsjinne, mar de steuring is no ferholpen.

Der is op dit stuit noch wol in steuring yn de brêge oer de Noarder Alde Wei yn de buert fan De Jouwer. Wannear't dy steuring ferholpen wêze sil, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)