Kollum: "Skandaal"

27 jul 2019 - 10:08

"It is dizze wike sa benaud dat je net safolle dwaan kinne. Ik ha myn tiid dochs besocht nuttich te besteegjen troch nei in ferneamde searje te sjen. It is in HBO-dokumintêresearje oer yn fan de grutste rampen yn de moderne skiednis, de nukleêre ramp yn it Oekraynske (yn dy tiid noch de Sovjet-Uny) Tsjernobyl yn april 1986.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

It sil guon fan jim noch wol wat sizze. Der wie in kearnreaktor earne fier yn Oekraïne dy't ûntploft wie, de berjochten wiene alarmearjend en eins wisten en witte we hielendal net wat der krekt bard is. Sa wurket it mei rampen dy't net neist de doar barre, hielendal yn de tiid sûnder Instagram en oare media. Yn fiif dielen wurdt yn de searje 'Chernobyl' in byld sketst fan wat der spile hat yn dy kearnsintrale. Earlik sein is it net aardich om nei te sjen, je witte dat hast al de personaazjes net mear yn libben binne troch de bom oan radio-aktive strieling dêr't se oan bleatsteld binne.

Hast alles dat ferkeard gean koe, gie dat ek, sa wurdt yn de fiifde en lêste ôflevering hiel helder útlein yn in rjochtsaak dy't eins gjin rjochtsaak is. Want supermachten jouwe net graach flaters ta en dat jilde fansels ek noch altyd yn de Sovjet-Uny, sels ûnder it bewâld fan de folle progressivere Michaïl Gorbatsjov. De wittenskipper Valery Legasov dy't de saken by it Ynternasjonaal Agintskip foar Atoomenerzjy yn Wenen taljochte en letter yn dy rjochtsaak yn Tsjernobyl, dêr't de kofjekopkes hast grien opljochten troch de strieling. Twa jier en ien dei nei de eksploazje hat Legasov himsels troch ophingjen tekoart dien. Nimmen wit krekt wêrom, mar ien fan de teoryen is dat er geandewei trochkrige hoe't polityk wurket by rampen as dizze.

Tink trouwens net dat skandalen en rampen as dizze allinnich yn Oekraïne barre. As ik jim fertel oer in komplete wenwyk mei boartsjende bern, skoallen, supermerken en alles der op en der oan, dy't op swier fersmoarge grûn stiet, tinke jim grif ek oan alle lannen útsein ús eigen. Neat is minder wier. Wy ha hjir yn Nederlân ek wol wat meimakke, hear. Yn 1979 waard yn Lekkerkerk dúdlik dat in prachtige nijbouwyk op in âlde dwinger boud wie. In grut skandaal wie berne, mar der wie mear.

Yn de jierren 60 diene de oerheden net al te dreech oer it stoarten fan smoargens, ek net as dat gemysk ôffal wie. Op folle mear plakken yn ús lân binne wiken boud op in stoartplak. In laachje grûn deroer en hupsakee. Bouwe mar, want der wie wenningneed. It altyd nei oare lannen wize as it om dôfpotten giet, is dus wol in bytsje roomsker as de paus. Ek yn Fryslân binne grif wol in pear projekten op te neamen dy't sa op it each tige by tige binne, mar miskien moatte je mar net al te djip dolle, om it mar ris foarsichtich te sizzen.

De ramp yn Tsjernobyl wie troch syn omfang te grut om te ferblommen. In ynternasjonale ynspanning hat der ta laad dat der in megakonstruksje oer de ûntplofte reaktor nûmer fjouwer hinne setten is, om de slimste strieling foar 100 jier te kearen. Wat dêrnei barre moat, is noch net helder. As jo der aardichheid oan ha; der wurde ekskurzjes nei it gebiet organisearre. Je meie der net te lang wêze, want dat is net goed foar de sûnens, sa earlik om dat te beseffen, binne we no wol sa stadichoan. Mar ja, foar in hippe Instapost moatte je wat oer ha, of net dan."

(advertinsje)
(advertinsje)