Lotting SKS 2019: startfolchoarder fan De Feanhoop en Earnewâld bekend

27 jul 2019 - 09:11

Lykas alle jierren waard der by de offisjele start fan it SKS kampioenskip 2019 yn Grou wer lotte foar de startfolchoarder fan de wedstriden op De Feanhoop en by Earnewâld.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Op De Feanhoop mei it skûtsje fan De Lemmer as earste úteinsette. Huzum hat dy posysje by Earnewâld. Op De Feanhoop en by Earnewâld is it wedstriidwetter te smel om der in iepen start yn te lizzen. Dêrom wurdt yn dy twa doarpen fan de wâl ôf starten. It skûtsje dat op De Feanhoop it earste plakje lotte hat, moat by Earnewâld op it lêste plak starte. De twadde op De Feanhoop start as trettjinde by Earnewâld, en sa troch.

Startfolchoarder op De Feanhoop:

  1. De Lemmer
  2. De Jouwer
  3. Ljouwert
  4. Snits
  5. Wâldsein
  6. Langwar
  7. It Hearrenfean
  8. Akkrum
  9. Earnewâld
  10. d'Heale Moanne
  11. Starum
  12. Grou
  13. Drachten
  14. Huzum

Startfolchoarder by Earnewâld:

  1. Huzum
  2. Drachten
  3. Grou
  4. Starum
  5. d'Heale Moanne
  6. Earnewâld
  7. Akkrum
  8. It Hearrenfean
  9. Langwar
  10. Wâldsein
  11. Snits
  12. Ljouwert
  13. De Jouwer
  14. De Lemmer
(advertinsje)
(advertinsje)