Rûzige nacht yn Ljouwerter útgeansgebiet

27 jul 2019 - 08:45

Wa't yn de nacht fan freed op sneon te stappen gie yn it sintrum fan Ljouwert hat it miskien wol fernaam; it wie in rûzige nacht. De stedswachten moasten meardere kearen yngripe. Sa wie der sprake fan ferskate oertrêdingen en sels in stekpartij.

Foto: Handhaving Leeuwarden

Handhaving hie it der mar drok mei. Op ferskate plakken wie der sprake fan opskuor. De stedswachten krigen ûnder oare in melding fan in stekpartij, wêrby't in fertochte oanhâlden waard. Dêrnei setten se ôf nei de Prinsetún. Dêr feroarsaken in pear minsken oerlêst.

Dêr bleau it net by. De stedswachten moasten ek noch in pear kear help ferliene en oertrêdingen bestraffe.

Tongersdei

It soe oan it waar lizze kinne, want ek de nacht fan tongersdei op freed wie de sprake fan balstjurrich gedrach. Sa moast Handhaving in persoan oanhâlde dy't in portier yn it útgeansgebiet mishannele hie.

Dêrnei giene se ôf op in fertochte situaasje, wêrby't in boksbûgel oantroffen waard. Dy binne yn Nederlân ferbean. Ta beslút wie der sprake fan in stekpartij. Dêrby waard ien fertochte oanhâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)