Hjitte libbensgefaarlik foar hûnen, al boppe de 20 graden ûntstean risiko's

27 jul 2019 - 08:14

It smoarhjitte waar kin libbensgefaarlik wêze foar hûnen. Dat seit Teye de Haan fan bisteopfan De Wissel. Hy ropt hûnebaaskes op om de bisten safolle mooglik mei rêst te litten. Switte is dreech foar de bisten en by tefolle ynspanning kin in hûn in hjittesjok krije mei fatale gefolgen.

De Wissel - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De hûn útlitte njonken de fyts of it bist drave litte yn de sinne kin grutte gefolgen hawwe. Al by 20 graden nimt it risiko ta dat it tefolle wurdt foar it bist.

Regelmjittich bart it dat in hûn tefolle hjittestress kriget wêrtroch't it systeem op hol slacht. De fitale yngewanten wurde dan beskeadige en is de hûn faak net mear te helpen. Ek net troch de bistedokter.

De Haan riedt wol oan om yn alle gefallen nei de bistedokter te gean as in hûn yn sa'n sjok telâne komt, mar better is om de hûn mei rêst te litten, in protte wetter klear te setten en de hûn mei te nimmen yn de auto mei de airco oan.

Trefwurden: 
natoer hjitte hûnen
(advertinsje)
(advertinsje)