Stroomsteuring treft grut part fan Súdwest-Fryslân

27 jul 2019 - 13:43

In grut part fan it súdwesten fan Fryslân hat freedtejûn en -nacht sûnder stroom sitten troch in grutte steuring. Neffens netbehearder Liander gie it om mear as 20.000 oanslutingen. Oarsaak wie it útfallen fan in ferdielstasjon foar elektrisiteit yn Snits, tusken 22.45 en 2.45 oere.

It wie folslein tsjuster op guon plakken - Foto: Anton Kappers

Om 22.45 oere foel it ferdielstasjon út. Dêrtroch sieten 22.000 hûzen en bedriuwen yn ûnder mear Snits, Folsgeare, Heech, De Hommerts, Jutryp, Lippenhuzen, Aldegea (SWF), Ysbrechtum, Makkingea, De Himrik en Offingawier sûnder stroom. Om 2.45 oere nachts wie de steuring op de measte plakken wer ferholpen. Hoe't it ferdielstasjon útfalle koe, is net bekend.

Rûnom yn Fryslân steuringen

Ek oare dielen fan de provinsje sieten yn de nacht fan freed op sneon sûnder elektrisiteit. Yn ferskate plakken yn de gemeenten Waadhoeke, Tytsjerksteradiel, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân en De Fryske Marren wie der sprake fan steuring.

Waarmte

Netbehearder Liander warskôge der ôfrûne moandei al foar dat der sprake wêze koe fan mear stroomsteurings troch de waarmte. Oft dat yn dizze gefallen ek de oarsaak wie, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)