SC Cambuur ferliest mei 1-2 tsjin Jong Ajax yn oefenwedstriid

Frjentsjer wie freed it striidtoaniel fan de oefenwedstriid tusken SC Cambuur tsjin kompetysjegenoat Jong Ajax. It slagge Cambuur lykwols net om te winnen, Jong Ajax wie mei 2-1 te sterk foar de ploech út Ljouwert. Cambuur hat noch mar twa oefenwedstriden te gean foar de start fan de kompetysje.
SC Cambuur oefenwedstriid 1
Yn de 13e minuut kaam Jong Ajax op foarsprong troch in goal fan Jensen, mar noch gjin twa minuten letter koe Cambuur it wer lyk meitsje. Van Deelen joech Jacobs in goede foarset, wêrnei't Jacobs de bal yn it doel koppe koe yn de lange hoek.
Jacobse siet ticht by in twadde doelpunt, mar in foet fan de tsjinpartij foarkaam dat de bal by de twadde peal del koe. Foar't Paulissen in hoekskop nimme mocht, waard der earst in drinkskoft holden fanwege it waarme waar.
Nei it drinkskoft slagge it Jensen fan Jong Ajax op 'e nij te scoren. Jong Ajax naam dêrmei op 'e nij de lieding en dat bleau sa oant it grutte skoft: it stie doe dus 1-2 foar SC Cambuur.

Twadde helte

De ploech út Ljouwert krige in counter, mar Kallon rekke dêrby de peal. Oan de oare kant rekke Traore fan Jong Ajax ek de peal nei in goeie oanfal.
Yn de 69e minút waard Mac-Intosch troch Van der Kaap ferfongen. Goed fiif minuten letter wie der alwer in wiksel by Cambuur: Paulissen gie derút en Bangura deryn. Alex Bangura wie ticht by de 2-2, mar it slagge him krekt net by de bal te kommen.
Mei noch goed tsien minuten te gean begûn de tiid te twingen foar Cambuur, dus kaam Bouman deryn foar Jacobs. Dat joech lykwols ek neat, want krekt foar njoggenen einige de wedstriid mei 2-1 foar Jong Ajax.
SC Cambuur oefenwedstriid 2
Opstelling SC Cambuur earste helte:
Sonny Stevens, Jordy van Deelen, Calvin Mac-Intosch, Erik Schouten (C), David Sambissa, Jamie Jacobs, Stanley Akoy, Mitchel Paulissen, Giovanni Korte, Robert Mühren, Issa Kallon.
Opstelling SC Cambuur twadde helte:
Sonny Stevens, Jordy van Deelen, Calvin Mac-Intosch, Erik Schouten (C), Doke Schmidt, Jamie Jacobs, Mees Hoedemakers, Mitchel Paulissen, Ragnar Oratmangoen, Robert Mühren, Issa Kallon.
Wiksels:
Daniel Bouman, Alex Bangura, Kellian van der Kaap