Angela Brandsma fan Snits wint WK Vaurien yn Italië

Angela Brandsma fan Snits is freed yn it Italiaanske Colico wrâldkampioen wurden yn de Vaurien-klasse. Op de Comomar wûn ze mei har Spaanske teamgenoate Laura Llopiz.
© Vaurien Nederland
De sulveren medalje wie foar Femke Yntema en Keeti Neijman, ek út Snits. By de manlju einigen Timo Gruis út Ljouwert en Jan Yntema út Snits op it sânde plak. Sy wiene dêrmei it bêste Nederlanske team.