Karre mei heabalen yn 'e brân tusken Hurdegaryp en Readtsjerk

26 jul 2019 - 20:05

Oan de Ottemawei tusken Hurdegaryp en Readtsjerk is freedtejûn in karre mei heabalen yn 'e brân rekke. Der rekke net ien ferwûne, mar de trekker en de karre mei heabalen binne ferlern gien.

Foto: Srfotografie

De brânwacht fan Gytsjerk wie op it plak dwaande op it fjoer te bestriden. It is net bekend hoe't it fjoer ûntstean koe.

Trefwurden: 
brân Hurdegaryp Readtsjerk
(advertinsje)
(advertinsje)