Junioaren-kompetysje keatst: Van der Werff-en-dy winne mei 5-4 en 6-4

26 jul 2019 - 19:26

It slagge Van der Werff-en-dy mei 5-4 en 6-4 te winnen yn de finale fan de FGD-Lease junioaren-kompetysje. Yn de keatsfinale stie it partoer fan Christiaan Stremler, Wessel van der Woud en Pieter Jan Leijenaar tsjinoer it partoer fan Lieuwe van der Werff, Auke Boomsma en Evert Pieter. De winners kinne yn 2020 fergees in lease-auto brûke.

De winnaars in Franeker - Foto: Henk Bootsma

Net ien fan beide partoeren koe yn earste ynstânsje it ferskil meitsje. Fan 0-1 waard it 2-2, en fan 2-3 waard it 3-3. Dêrnei pakten Van der Werff-en-dy twa buordsjes. It trio Stremler kaam noch werom oant 4-5, mar mear slagge net. Auke Boomsma makke de partij ôf mei in sitbal nei 4-6.

Heale finales

Earst spilen Stremler-en-dy tsjin it partoer fan Julian Faber, Wytze Wassenaar en Roel Pieter de Jong. Sy hawwe dizze wedstriid wûn mei 5-2 en 6-4. Oant 2-2 en 6-6 wiene beide ploegen yn lykwicht. Mar dêrnei slagge it Stremler-en-dy de fjouwer earsten op in rige te pakken.

In skoftke letter koene Van der Werff-en-dy de oerwinning fiere op it partoer fan Harmen Schuitmaker, Hielke Beijering en Laas Pieter van Straten mei 5-5 en 6-2. Schuitmaker-en-dy stiene lang op foarsprong. In ferrassing wie dat net, want mei de Freule hiene sy al wûn, lykas mei de Jong Nederlân en de Jong Feintepartij. Op 4-3 en 6-6 krigen sy de kâns om in gat te slaan, mar it waard 4-4 en 5-5. Op 5-5 en 2-6 sloech Van Straten de bal bûten.

Foto: Henk Bootsma

Oan de junioaren-kompetysje diene yn de earste seis kwalifikaasjewedstriden 69 keatsers mei. Tolve keatsten freed de finale. De kompetysje is opset troch de PC en de KNKB om jonge keatsers tusken de 16-21 jier te stimulearjen troch te gean mei de sport.

(advertinsje)
(advertinsje)