Man ferwûne by ûngelok op de A32 by Aldeholtwâlde
Op de A32 by Aldeholtwolde is freedtemiddei in bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De man klapte troch noch ûnbekende oarsaak tsjin de fangrail.
De man is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De auto rekke slim skansearre. De dyk hat fanwege it ûngelok en it byhearrende ûndersyk in skoft ôfsletten west.