Omrop TIP: it PC Kafee iepenet har doarren

26 jul 2019 - 18:59

Yn trije útstjoeringen wurdt mei keatsers, âld-keatsers en oare keatsleafhawwers foarútsjoen op de PC. Op sneon 27, snein 28 en tiisdei 31 july is elkenien wer fan herte wolkom yn it PC Kafee, dat plakhat yn 'De bogt fen guné' yn Frjentsjer. In radioprogramma mei pittige petearen, hilaryske ferhalen en stevige kollums.

Foto: Omrop Fryslân

Winners PC 1989 te gast op sneon

Yn de earste PC Kafee fan 2019 is Joop Bierma, kening fan de PC fan it jier 1989 te gast. Ek Sake Porte, winner yn 1989 en 1999, skood oan de stamtafel fan presintator Geert van Tuinen oan. Fierder wurdt weromsjoen mei ferliezende finalisten Sietse van der Meer (1989) en Tjepco Miedema (1999). En wat is de keatswrâld sûnder leafhawwers? Willem Koopmans is sa'n échte PC leafhawwer en hat yn syn libben in protte dien yn it keatsen. De kollum komt fan Jacob Stelwagen en de muzyk fan de Hitsingers.

It PC Kafee is op sneon 27 july om 18.00 op de radio te hearren.

Snein de jierren 1969 en 1979 sintraal

Mei de dagen nimt de PC koarts ek ta. Op snein is it tiid foar nostalgy yn it kafee. Geert praat mei syn gasten wiidweidich oer de PC's fan 1969 en 1979. Om hjiroer mei te praten binne de winners fan 1969 te gast: Johan van Seijst en Sikke Sikkema. Yn it oare jier, 1979, wûn Sake Saakstra en koe Tsjisse Wallendal dernei fluitsje, nettsjinsteande dat er sensasjoneel keatste mei syn Belgyske keatswant. De kollum komt fan Bonne Stienstra en de muzyk fan de Hitsingers.

It PC Kafee is op snein 28 july om 18.00 op de radio te hearren.

Tink derom: de útstjoeringen fan sneon en snein wurde fan 11.00 oant 12.00 oere opnaam en letter op de dei, om 18.00 oere, útstjoerd by Omrop Fryslân op de radio.

Jillert Anema te gast op tiisdei

In dei foardat it heve sil op it Sjûkelân komme de keatsleafhawwers noch ien kear byinoar foar it PC Kafee. Op tiisdei binne reedrydcoach Jillert Anema, berne yn de keatshoeke, Folkert van der Weij (winner 2009) en in fytsende Belch te gast. En noch in tige bysûnder ferhaal fan in dief dy't goed fyftich jier ferlyn wat stellen hat fan de PC, spyt krigen hat en yn it PC Kafee delkomt om dêroer te fertellen. De kollum komt fan Janny van der Meer en de muzyk fan Gurbe Douwstra.

It PC Kafee is op tiisdei 30 july om 18.00 op de radio te hearren.

PC Kafee is op sneon 27, snein 28 en tiisdei 30 july fan 19.00 oere ôf te hearren by Omrop Fryslân op de radio. It programma is nei de útstjoering op de radio werom te harkjen op Omropfryslan.nl/keatsen.

Woansdei 31 july is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op TV, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De dei set útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen.

(advertinsje)
(advertinsje)