Roemeen krijt trije moannen sel foar stellerij yn supermerk Wolvegea

In 37-jierrige Roemeen dy't ferline jier april by in supermerk yn Wolvegea foar mear as 500 euro oan babyfieding, skeermeskes en boxershorts stellen hat, moat trije moannen de sel yn. De Roemeen die dat mei in oare man út Roemenië, net allinne yn Wolvegea mar ek yn Callantsoog. De man is by ôfwêzichheid feroardiele, want hy is al wer yn Roemenië.
© Google Street View
Neffens de Offisier fan Justysje giet it om organisearre stellerij, in foarbyld fan 'mobyl banditisme'. De manlju woene har stellen guod nei alle gedachten yn harren heitelân ferkeapje.
De oare Roemeen hat al foar de rjochter west, hy krige 28 wiken sel foar fiif stellerijen. De man dy't hjoed foar de rjochter komme moast, is faker feroardiele foar stellerij yn winkels. Hy moat de wearde fan it stellen guod út Wolvegea werombetelje. It giet om 543 euro. De man soe op dit stuit yn Roemenië wêze.