Wykeintsje kampere mei de buorlju op buertkemping Abbingepark

26 jul 2019 - 18:29

Yn it Abbingepark yn Ljouwert is freed in buertkemping iepene. In wykein lang kinne buertbewenners de tinte opsette, mei mekoar ite en aktiviteiten dwaan om elkoar better kinnen te learen. In oar doel is om minima ek in bytsje fakânsje fiere te litten. De stichting Buurtcamping organisearret al in pear jier yn ferskillende stêden kampearbyienkomsten.

Buertbewenners binne entûsjast oer it inisjatyf. "Hartstikke leuk", seit yn fan de buorren. "Ik heb een camper, maar die komt niet over de bruggetjes heen." Neffens in oar is it hiel gesellich, mar neffens har binne der wol wat te min lju. "Het is mij wat te warm, maar ik kom zeker even buurten."

Buertbewenners en Esther Janssen fan de organisaasje oer de buurtcamping

Trefwurden: 
Abbingapark buertkemping
(Advertinsje)
(Advertinsje)