Hie Fryslân ôfrûne nacht te krijen mei in bysûnder waarsferskynsel?

26 jul 2019 - 18:18

Wat barde der yn de nacht fan tongersdei op freed yn de loft doe't de temperatuer ynienen omheech gie en der in waarme en hurde wyn kaam te stean?
Op sosjale media en troch waarsaakkundigen wurdt praat oer in saneamde heatburst. Piet Paulusma tinkt lykwols dat it krekt safier net kaam is.

Wêr de temperatuer gewoanwei op waarme simmerdagen yn de nacht sakket, gie dy ôfrûne nacht op guon plakken omheech. Sa wie it yn Ljouwert om njoggen oere hinne 27 graden, wylst de temperatuer om 00.00 oere hinne alwer 30 graden wie.

Heatburst?

Op sosjale media wurdt twivele oer de oarsaak. Troch guon saakkundingen wurdt in heatburst neamt. Dat is in tige seldsum waarsferskynsel dat hast net yn West-Europa foarkomt.

By in heatburst soargje tongerbuien dy't útdôvje en in miks fan kâldere lucht op de grûn en in waarmere boppelucht der foar dat temperatuur samar hiel heech oprint. Yn Seelân wie it dêrtroch rûn 23.30 oere noch sa'n 35 graden. Ek de wyn nimt ynienen behoarlik ta.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It wie in bysûnder waarme nacht, sa seit waarman Piet Paulusma. It kuolle úteinliks pas oan it begjin fan de moarn ôf nei 23 graden. Der is gjin waarmterekôr delset mei de minimumtemperatuer fan de ôfrûne nacht. Ferline jier wie it yn de nacht fan 27 july nammentlik 23,5 graden yn Ljouwert."

Op Skylge wie dat lykwols oars. Dêr waard wol in rekôr helle. Op it Waadeilân waard it ferline jier 22,6 graden, wylst de termometer fannacht 23,3 graden oanjûch.

Súd-Nederlân

Neffens Piet Paulusma liken de ferskynsels yndie op in heatburst, benammen yn it suden fan it lân. Ek yn Fryslân naam de wyn ynienen ta en wienen der útdôvjende tongerbuien. De temperatuer rûn lykwols net spektakulêr op.

Trefwurden: 
waar hjitte heatburst
(advertinsje)
(advertinsje)