Problemen mei sneltsjinst It Amelân-Holwert, wettertaksy ferfanger

26 jul 2019 - 17:15

Der binne technyske problemen mei it skip dat de sneltsjinst tusken Holwert en It Amelân ûnderhâldt, de m.s. Fostaborg. Rederij Wagenborg set dêrom as ferfanger de wettertaksy yn.

De snelboat nei It Amelân - Foto: Wagenborg

Neidiel fan de wettertaksy as alternatyf is lykwols dat dêr minder minsken op kinne en dat net eltsenien dy't mei de snelboat nei It Amelân woe dat ek dwaan kin. De rederij besiket al dizze minsken dêr fan op 'e hichte te bringen. De maatregel jildt yn elts gefal oant en mei kommende moandei.

It betsjut fierder dat de wettertaksy minder beskikber is op ôfrop.

(advertinsje)
(advertinsje)