Fryslân Fêstlein: "As ik oan it wurk bin fielt it al as fakânsje"

26 jul 2019 - 17:08

Fan wettereangst yn Boarnsweach oant in persoanlike oerwinning op It Amelân. Dizze simmer sammelet Omrop Fryslân foar de simmerrige Fryslân Fêstlein de moaiste fakânsjefoto's. Dizze kear binne wy op besite yn Starum, der't Kees van der Zweep in unyk fenomeen seach.

Op de foto is een rolwolk boppe de ferneamde huzen fan Starum te sjen. "In rolwolk sjochst net hiel faak. Se komme foar as der min waar oankomt," sa fertelt Kees van der Zweep. "De dei dat ik de foto naam, wie it dêrnei ek in drama mei it waar."

Abt fan Starum

Van der Zweep lei net samar mei syn boat yn Starum. "Ik bin skipper fan de Abt fan Starum en far mei groepen dy't in dei of langer fuort wolle." De Abt heart by de 'Friese Vloot' en is in pronkstik foar Van der Zweep. "It is sa moai om my dizze boat op paad te gean. Sels as ik oan it wurk bin, fielt it foar my as fakânsje."

Foto: Kees van der Zweep

Kees van der Zweep oer syn foto

'Fryslân Fêstlein'

Hawwe jo ek in bysûndere foto fan in fakânsje yn Fryslân? Lit it ús witte! Stjoer jo foto en ferhaal nei foto@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)