Ludyk protest: Akkrumer Sûpskûte yn 'útfeart' nei De Feanhoop mei deakiste

26 jul 2019 - 16:48

It is dien foar de feestboaten op it Veenhoop Festival op De Feanhoop: yn april makken de organisaasje, de gemeente Smellingerlân en de provinsje al bekend dat der in ferbod kaam. It bestjoer woe dêrmei oerlêst foarkomme. It betsjut ek dat de ferneamde Akkrumer Sûpskûte net mear wolkom is. Dêrom hâldt de ploech fan de feestboat in 'útfeart' nei De Feanhoop. Efter de boat driuwt in deakiste.

De Akkrumer Sûpskûte op De Feanhoop - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Efter de Akkrumer Sûpskûte binne twa pontons fêstmakke, ien fan dizze pontons is omtsjoend ta deakiste. "Dit is in deakiste foar De Feanhoop, om't sy ús alles ôfnimme," seit Lars de Vries, ien fan de grutte ploech fan Akkrum. "Sy komme no mei safolle regels, net normaal. Wy hiene al allegearre guod regele. No hawwe wy dit der mar fan makke."

Hy fynt it spitich dat it net mear mei. "Je sjogge der elts jier nei út om der hinne te farren. Ek mei de minsken fan de kempings bouwe je in bân op. It ynfieren fan de regels hie stap foar stap moatten," seit De Vries.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld sjocht by de Akkrumer Sûpskûte

De Akkrumer Sûpskûte - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
(advertinsje)
(advertinsje)