Stopljochten Vrijheidsplein Ljouwert dogge it net fanwege de waarmte

26 jul 2019 - 15:52

In steuring fan de ferkearsljochten fan it Vrijheidsplein yn Ljouwert duorret noch oant healwei takom wike en soarget foar gefaalike situaasjes. Dat lit de gemeente Ljouwert witte. Foar it ferhelpen fan de steuring moat de leveransier delkomme en dy hat it op dit stuit drok, om't der troch de waarmte op mear plakken steuringen binne.

Foto: Kappers Media

Om problemen te foarkommen hat de gemeente in tal rydstroken ôfsletten en mei dêr minder hurd riden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)