Ekstra stipe foar ophâlden mei smoke yn Noardwâlde

26 jul 2019 - 15:21

Ynwenners fan Noardwâlde dy't ophâlde wolle mei smoke, kinne dêr ekstra stipe by krije yn de foarm fan in app, in kursus of persoanlike begelieding. In wurkgroep sil it projekt begeliede. Dêryn sitte ûnder mear GGD Fryslân, soarchynstelling De Stellingwerven, Verslavingszorg Noord-Nederlân en de húsdokterspraktyk.

Foto: ANP

De metoade mei de app is yn Ingelân ûntwikkele en is hiel súksesfol. Noardwâlde beskikt ek oer twa sertifisearre coaches dy't de minsken begeliede kinne by it ophâlden mei smoke.

(advertinsje)
(advertinsje)