Fryske en Grinzer doarmatten in hype yn Grinzer IKEA

26 jul 2019 - 15:11

In dikke hit wie it by ús op facebook. In post dy't wy earder dizze wike dien op Facebook. In post mei in foto dy't kollega Johan Terpstra naam hat ôfrûne wykein doe't hy dêr efkes lekker oan it sjoppen wie...en dêr stuitte op in doarmat.. mei in Fryske flagge derop. Mar dêrneist lei ek in mat mei it logo fan Grins derop. Yn 'De middei fan Fryslân' jout Taco Meems taljochting op de 'doarmat-hype'.

Foto: Johan Terpstra

"Ik was verbaasd over het aantal reacties, ook al kun je het ook aan zien komen," begjint Meems te fertellen oer de hype. "Het is een nieuw product, dus echte verkoopcijfers heb ik niet bij de hand, maar ik weet wel dat de Friese versie vaker verkocht is dan de Groninger versie.

It mei bysûnder wêze dat yn de haadstêd fan ús buorprovinsje mear Fryske doarmatten ferkocht wurde as Grinzer doarmatten, mar Meems hat dêr wol in ferklearring foar. "WIj hebben heel veel Friese klanten, Fryslân is een heel belangrijk gebied voor ons. Ik denk dat heel veel klanten de Friese versie aanschaffen en dan aan der muur spijkeren. Een soort eerbetoon." grapket de IKEA-man.

Wat de hype rûnom de doarmatten noch mear bysûnder makket is dat IKEA in Sweedsk bedriuw is. Meems leit út dat dat net betsjut dat der útsein Sweedske produkten te krijen binne. "De meeste producten die we verkopen worden aangestuurd vanuit Zweden. Maar aan een deel van onze producten mogen wij zelf input geven. Soms hebben wij zelf een goed idee."

"In navolging van Amsterdam en Eindhoven hebben wij nu deze twee versies bedacht. Dit doen wij voornamelijk om klanten blij te maken, maar er zit ook een klein grapje achter."

Gjin doarmat fan Drinte

Njonken Fryslân is Drinte de oare buorprovinsje fan Grinslân. Hja soenen sizze dat de Drintske ferzje dan ek net lang útbliuwe kin, mar Meems seit dat der gjin Drintske doarmatte komme sil. "Uit onderzoek is gebleken dat de meeste klanten uit de provincies Groningen of Fryslân komen en dat de afname uit Drenthe veel minder is."

Taco Meems fan IKEA yn Grins oer de 'doarmat-hype'

(advertinsje)
(advertinsje)