Fan túnbanaan oant palmbeam: mediterrane tún yn opmars mei waarme simmers

26 jul 2019 - 15:08

Hieltyd mear Friezen eksperimintearje mei druven yn eigen tún, mar ek de olivebeam wurdt populêr. Troch de sloppe winters en waarme simmers fan de lêste jierren ferkeapje de túnsintra hieltyd mear 'mediterrane' blommen en planten. Sa is bygelyks de 'túnbanaan' yn opkomst en de oleander docht de minsken tinken oan fakânsjes yn Súd-Europa.

Foto: Onno Falkena

De opkomst fan de mediterrane tún is neffens Jan de Leeuw fan túnsintrum De Leeuw yn Marsum in wichtige trend dit jier, mar je moatte it ferstân der wol by brûke. "In olivebeam falt net om by in pear graden froast, mar kin net oer in lange winter. Dan moat de beam wer even yn 'e hûs." Ek de ferkeap fan palmbeammen docht it goed. De measte konsuminten kieze dan wol foar in lytsere beam, dy't je by min waar yn 'e hûs helje kinne.

Túnen en hûzen feroarje

Yn de takomst binne waarme, simmerske dagen gjin útsûndering mear. Neist dat túnen in mear mediterraanske útstrieling krije, feroarje ús hûzen ek.

'Ynsektfreonlike tún'

It jier 2019 liket foar túnsintra in goed jier te wurden. Njonken de 'mediterrane tún' is de 'ynsektfreonlike tún' de wichtichste trend dit jier. Dy freget benammen oandacht foar 'ynsektfreonlike' blommen en planten dy't hjir fan âlds thús hearre.

Mei temperatueren fier boppe de 30 graden is de oanrin by it túnsintrum wat minder grut as oars. De Leeuw fynt dat net slim. Hy hat in goeie maitiid draaid en it jout him de gelegenheid om al syn planten fan foldwaande wetter te foarsjen.

"Mei de hurde wyn en de fûle sinne giet de ferdamping hiel hurd. Dat moatte je net ûnderskatte," seit De Leeuw. Hy kiest derfoar om de planten direkt te bewetterjen, want by it besproeien fan it terrein giet nei syn gedachten tefolle wetter ferlern.

Jan de Leeuw fan túnsintrum De Leeuw

(advertinsje)
(advertinsje)