"De measte minsken sjogge der better út mei klean oan..."

26 jul 2019 - 13:40

"De measte minsken sjogge der better út mei de klean oan, as út. Op it wurk kies ik dan ik leaver foar de lange broek", dat wie ien fan reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it tropyske waar. Oaren wiene dêr krekt romtinkend yn: "Dûmny yn de koarte broek? Om my kin dat wol. It ferhaal sil it selde wêze, net?"

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De grienteman hie in maksy-fentitaltor by de kream, mar wol de lange broek oan: "Ik haw net iens in koarte broek." De poelier hat al ien, mar die giet pas oan as er moarn mei fakânsje giet. Minsken dy't foar de klasse stean, yn de keuken of it definsje-ûnderhâld wurkje keazen foar de lange broek. Faak hat dat ek mei feiligens en hygiëne te krijen.

De merkkeapman fan de hunning-kream wie de nochter ûnder. "Ik bin eigen baas en haw yn myn kleanfoarskriften set dat in koarte broek bêst mei."

De Freedsmerk - Koarte broek op't wurk

(advertinsje)
(advertinsje)