Provinsje lokt húsdokters mei spesjale bousubsydzje

Húsdokters dy't nei Fryslân ta komme wolle, of al yn Fryslân wenje, kinne in spesjale subsydzje oanfreegje foar it bouwen of ferbouwen fan in praktyk. De provinsje stelt hjir 325.000 euro foar beskikber. De hoop is dat it nije dokters nei Fryslân lûke kin. "It probleem dat 'm ûntwikkelet is dat in soad dokters hast oan harren pensjoen ta binne en der yn it stêdlik gebiet in tekoart is. Mar wy wolle benammen de regionale sprieding fan dokters yn stân hâlde," seit deputearre Douwe Hoogland.
© ANP
De subsydzje kin bygelyks brûkt wurde om in eksterne adviseur yn te hieren om in plan foar húsfesting te meitsjen. Minsken dy't de subsydzje oanfreegje wolle, moatte húsarts wêze yn Fryslân, of hjir yn de kommende twa jier hinne ferhûzje.
De provinsje is mei de aksje úteinset om't de húsartsesoarch yn Fryslân ûnder druk stiet. It is hieltyd dreger om nije artsen nei de provinsje te lûken. Under oare yn Ljouwert soarget dit foar problemen.
De regeling wurdt fan 30 septimber ôf iepenset, en duorret oant 3 desimber. "Wy woene it net oer it reses hinne tille. Wy meitsje der ek reklame foar en in ûnôfhinklike kommisje sil nei de oanfragen sjen," jout deputearre Hoogland oan.
Deputearre Douwe Hoogland oer de subsydzje foar húsdokters