Flaggen stellen by WestCord Skylge, dieders spoarleas

26 jul 2019 - 12:49

By it WestCord Hotel Skylge binne de ôfrûne nacht flaggen stellen. It giet om in flagge fan Skylge en in flagge fan wrâlderfguod Waadsee.

Foto: Albert Wester

De twa flaggemêsten by it hotel binne iepenbrutsen wêrnei't de flaggen meinaam binne. Albert Wester fan de technyske tsjinst fan WestCord Skylge ropt minsken dy't wat heard of sjoen hawwe om harren te melden.

Wester lit op twitter witte dat er poerlilk is op dejinge dy't de flaggen meinaam hat: "Te triest voor woorden of de baldadigheid ten top!?"

It giet om ridlik grutte flaggen fan twa by trije meter, en 1,20 by twa meter.

(advertinsje)
(advertinsje)