Fergunning grutte dongfergister Marrum net ynlutsen

De fergunning foar de dongfergister oan de Botniaweg yn Marrum hoecht net ynlutsen te wurden. Dat hat de bestjoersrjochter bepaald. It beslút fan de provinsje om de fergunning net yn te lûken, kin yn stân bliuwe. De rjochtsaak wie oanspand troch de Stichting duurzaam Marrum en mear as tweintich omwenjenden.
© ANP
Sy fine de fergunnings út 2008 en 2011 achterhelle. Se binne benaud dat der per dei wol mear as 40 kear transport troch it doarp komt mei oan- en ôffier fan grûn- en reststoffen. De fergunning stiet in jierlikse fergisting fan 50 tuzen ton dong en 50 tuzen ton co-produkten ta.
Yn Marrum is op it bedriuweterrein Nieuweweg ek in oare fergister aktyf. Marrummers fine dat der gjin plak is foar in twadde fergister yn it doarp. Se wolle dêroer yn petear mei it kolleezje fan deputearre steaten.
Nathal Prins fan Duurzaam Marrum