UPDATE: lichem fan fermiste frou is fan Sweedske toeriste

It lichem dat freedtemoarn fûn is yn de sykaksje nei in fermiste frou, is fan in 43-jierrige Sweedske toeriste. Sy wie mei famylje út Nederlân in dei nei Makkum ta.
Lichem fûn yn it wetter by strân Makkum
UPDATE: Neffens de plysje is de frou troch in needlottich ûngefal om it libben kaam. Dêrmei is de saak foar de plysje ôfdien. It lichem is oerdroegen oan de famylje.
Tongersdei oan de ein fan de middei waard de kustwacht alarmearre dat der in frou fan in opblaasber flot fallen wie. Dêrnei waarden de helptsjinsten ynskeakele.
It is foar de plysje net folslein dúdlik wat der no bard is. "We zijn nog met mensen in gesprek, dus het beeld is nog niet helemaal compleet", seit Ernest Zinsmeyer fan de plysje. "De melding werd eerst bij de kustwacht gedaan." Der is tongersdeitejûn oant let socht nei de frou. Hjirby waard ûnder oare gebrûk makke fan trije rêdingboaten en in spesjale sonarboat.
© Kappers Media
It strân is gewoan wer tagonklik, al binne der wol ôfsettings foar de feiligens yn ferbân mei de ôflandige wyn.
Ernest Zinsmeyer fan de plysje