Grutte brân yn saunagebou op De Gordyk ûnder kontrôle

26 jul 2019 - 11:55

De brân yn in eardere sauna op de Gordyk is ûnder kontrôle. It fjoer siet yn it eardere saunastate Westenberg op de Gordyk. By de bestriding waard ûnder oare grut wettertransport ynset. Neffens gemeente Opsterlân is de dyk by it pân om healve fjouweren hinne wer frij.

De brân waard om tsien oere hinne ûntdutsen troch in meiwurker fan Wetterskip Fryslân, dy't tafallich by de saunabuorkerij delried. Hy seach reek, en belle fuortendalik 112.

It giet om in gebou oan de Stasjonswei op de Gordyk. It fjoer is neffens de brânwacht ûnstien yn de boskjes, en koe hjirnei oerslaan nei de pleats en inkele oare geboutsjes op it hiem. De flammen kamen op dat stuit út it dak.

De brânwacht hat de kap fan de pleats ôfhelle, en hat it grut wettertransport ynset om de brân te bestriden. De gemeente Opsterlân betsjûge op Twitter respekt foar it wurk fan de brânwacht yn de hjitte.

Trefwurden: 
brânwacht sauna
(advertinsje)
(advertinsje)