Earste Fryske Cocktail Kampioenschap organisearre yn Boalsert

Op it Marktplein yn Boalsert wurdt heal augustus it earste Fryske Cocktail Kampioenschap hâlden.
De ôfdieling cocktails fan LEF © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Acht dielnimmers besykje dan de lekkerste cocktail te meitsjen, mei as basis de bekende Fryske beerenburg.
De cocktail wurdt troch de sjuery beoardield op smaak, kreativiteit en útstraling. Foar de winner leit der der in reiske nei cocktailstêd Berlyn klear. Wa't meidwaan wol, kin him noch oanmelde.
Tineke Falkena oer de earste cocktailwedstriid