LIVEBLOG: Waarme plaknacht, rekôr op Skylge

26 jul 2019 - 09:58

It is dizze wike tropysk waarm yn Fryslân. De temperatuer skommele woansdei om de 35 graden hinne. Tongersdei wie it sels rekôrwaarm mei in temperatuer fan 35,7 graden yn Starum. It KNMI hat koade oranje ôfkundige, Liander ferwachtet mear stroomsteurings en ferskate eveneminten wurde oanpast of ôfsein. Folgje yn dit liveblog al it nijs dat te krijen hat mei de hjitte.

16:14
Fryslân Hjoed oer de waarmte
13:59
Maatregelen

De gemeente Hearrenfean nimt yn ferbân mei de waarmte ferskate previntive maatregels:

  • se struie sâlt om skea oan diken foar te kommen
  • se kuolje de brêgen
  • se slute ferskate wettertappunten ôf yn ferbân mei it risiko op legionella
13:57
Hjitte Hynders

Nettsjinsteande de waarmte wurdt der genoaten fan de Paardendagen yn Driezum/Wâlterswâld

12:20
Rekôr op Skylge

It rekôr fan Ljouwert mei dan net ferbrutsen wêze fannacht. Op Skylge hiene se wol in rekôrhjitte nacht. Op it waadeilân waard it ferline jier 22,6 graden, wylst de termometer fannacht 23,3 graden oanjûch.

11:16
Fonk
9:45
Min sliepe

Wa't fannacht goed sliepe woe, moast dêrfoar op Flylân wêze. It Fryske waadeilân wie (tegearre mei it Limburgse Ell) it koelste plakje fan Nederlân. De temperatuer op Flylân sakke yn de nacht fan tongersdei op freed nei in waarme mar noflike 20 graden.

Op oare plakken yn de provinsje wie it in stikje waarmer. Mei temperatueren om de 23 graden hinne as minimumtemperatuer. Dizze temperatuer kaam lykwols pas let yn de nacht, krekt foar't de sinne wer op kaam.

Der is gjin waarmterekôr delset mei de minimumtemperatuer fan de ôfrûne nacht. Ferline jier wie it yn de nacht fan 27 july nammentlik 23,5 graden yn Ljouwert.

Trefwurden: 
waarmte waar hjitte
(advertinsje)
(advertinsje)