Kollum: "Aapunnaki"

26 jul 2019 - 08:20

"Ik seach in foto fan in keale glêde alien neist in aap dy't njonken inoar sieten, op skoat hiene se in poppe, sa as wy dy krije. Ik fûn it wol grappich want ik werkende it ferhaal omtrint de Anunnaki deryn.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Foar wa't net wit wa't dat binne; De Anunnaki (of Nefilim) soene bûtenierdske Goaden fan planeet X of Niburu wêze dy't op ierde kamen om goud te dollen. Dat hiene se nedich foar harren eigen atmosfear mar it wurk waard te swier en doe hawwe se in fokbelied opsetten mei harren sels en de aapeftigen dy't hjir libben, om in slaveras te meitsjen. Sadwaande hoegden se sels it swiere wurk net mear te dwaan.

Anunnaki Enki gie yn it laboratoarium oan 'e slach en kombinearre har eigen DNA mei it DNA fan de Homo Erectus. Dat waard úteinlik de berte fan de Adapa, de modelminske. Yn 'e bibel skine we dy wer tsjin te kommen as Adam. Mar omdat harren eigen froulju net ivich en altyd draachmem wêze koene, makken se dy minsken sa sadat se harsels fuortplantsje koene.

Enki syn broer Enlil hie minder mei dy nije minske. Hy steurde him der oan dat se har sa fanatyk fuortplanten en besocht troch sykten en hongersneed it tal minsken te ferminderjen. Enki hie syn wurk te goed dien want de nije minske wie sels seksueel oantreklik foar de Goaden dus dat gong doe wierskynlik al like need as hjoeddeis yn 'Ex on the beach, double Dutch'.

Doe't de planeet Niburu op in bepaald momint wer by de ierde delkaam, soarge dat foar de grutte floed en dy hat de hiele boel útroeid. De Goaden stigen op yn harren romteskippen en seagen hoe't tûzenen jierren wurkjen nei de kloaten gie. Mar Enki hie stikem in ark boud sadat net alle minsken en bisten fersopen. Nei de floed besochten de Goaden wer frede mei de oerbleaune minsken te sluten en waarden se de keningen dy't oer ús hearsken.

De Amerikaanske skriuwer Zecharia Sitchin hat de Soemeryske kleitabletten, dêr't dit ferhaal op stiet, 30 jier bestudearre en hy hat it boek 'De twaalfde planeet' hjiroer skreaun. Dy planeet soe dan Niburu, Mardoek of planeet X wêze en ik fyn soks wol nijsgjirrich. It is in moai ferhaal, oft it no al as net wier is.

Us hiele skiednis hinget oan inoar fan ferhalen. Ik tink dat we der nea achterkomme wat no echt de wierheid is, mar in wize man hat ea ris sein dat wat resonearret mei dyn hert, dyn wierheid is. En wat ik bysûnder fyn oan it ferhaal is dat Sitchin beskriuwt hoe't wy fan aapminsken ynienen yn rap tempo in ûntwikkeling trochmakke ha dy't eins net te goed ferklearjen is.

En de lêste tiid tink ik wol gauris dat it bêst ris wier wêze kin, want hier is hieltyd mear út 'e moade. Minsken wolle hjoeddeis oeral keal wêze, útsein op 'e holle, miskien. Is it in moadeferskynsel, as dochs ús alien-DNA? En keale manlju hawwe faak oeral hier, útsein op 'e holle dus yn it fokbelied is dan ek eat misgien, neffens my.

En foar wa't mient dat er noch nea in alien sjoen hat; krij in spegel of sjoch om dy hinne. As wy neikommelingen binne fan it eksperimint tusken de Goaden en de apen, dan binne wy allegearre E.T's. Sjoch, en soks fyn ik no aardich om oer nei te tinken. En ik haw myn nocht ek fan it skearen en epilearjen, dus om my passe se it fokbelied noch krekt in bytsje oan. Dat skeelt in soad drokte foar ús takomstige generaasje Aapunnaki's. Benammen mei dit moaie waar."

(advertinsje)
(advertinsje)