Eefkes byprate mei: Douwe Visser fan it Grouster skûtsje

26 jul 2019 - 07:57

De simmerfakânsje is úteinset, mar it fakânsjegefoel komt by de measte Friezen pas écht wannear't de skûtsjes oan de start lizze fan it SKS skûtsjesilen. Wy binne der klear foar, mar hoe sit dat mei de skûtsjeteams sels? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed Douwe Visser fan it skûtsje fan Grou.

Douwe Visser - Foto: Martin de Jong

Douwe Visser is sûnt 2002 skûtsjeskipper. Earst op it Drachtster skûtsje, letter op it skûtsje fan Grou. Mei Grou waard hy fiif kear kampioen, sa ek yn 2018.

Hoe is it mei de teamspirit?
"De teamspirit is hartstikke bêst. We hawwe in stabile ploech mei in soad ûnderfining. Wy hawwe der wer nocht oan dit jier!"

Hokker plakje is neffens jim it moaist om te silen?
"Ik tink it romme wetter, mar ek de nauten hawwe sa syn sjarmes. Je moatte oeral graach sile wolle."

Wat sille jim dit jier oars dwaan?
"Fan ús mei it resultaat wol itselde wêze as ôfrûne jier! Mar ast nei de wedstriden sjochst wolle we wat stabiler foaryn sile mei minder punten as foarich jier."

Hawwe jim noch saken oan it skip feroare?
"We hawwe neat feroare, we krije allinnich in nije fok dy't we by hurde wyn brûke."

Wat meie wy net fan jim witte?
"We hawwe gjin geheimen."

Wat is it bêste iten om op de silen?
"We krije al jierren prima iten. Dat komt allegear by It Haske wei, út De Jouwer."

Hokker skip sjogge jim as de grutste konkurinsje?
"Ik sjoch meardere konkurrinten: Akkrum, It Hearrenfean, Earnewâld, mar ek Huzum, Ljouwert en De Lemmer rinne fluch. Ik kin net ien yn it spesjaal opnimme. It wurdt wer hiel spannend dit jier."

Wêrom sille jim dit jier winnen?
"We sille net sizze dat wy winne, mar it rint allegear goed by ús. Dat de bêste siler mar kampioen wurde mei."

It skûtsjesilen is fan sneon 27 july ôf alle dagen live te folgjen by Omrop Fryslân. Op radio te harkjen yn de deistige programma's fia 92.2 FM. Op telefyzje is fan dit jier ôf in spesjaal programma te sjen mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Jûns om 18.20 oere sjogge we yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei. Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/skutsjesilen.

(advertinsje)
(advertinsje)