Miljoenen foar Nasjonale Parken, wêrûnder ek Skiermûntseach

26 jul 2019 - 07:48

Nasjonale Parken yn Nederlân kinne de kommende jierren miljoenen ekstra ferwachtsje fan it ministearje. It jild is bedoeld foar in kwaliteitssprong, sa seit minister Schouten fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit. Der komt yn totaal seis miljoen euro ekstra beskikber.

De seis miljoen moatte oanfolle wurde mei jild út de regio, sa seit de minister. Skiermûntseach is ien fan de nasjonale parken fan Nederlân. Mar ek de Alde Feanen en it Drents Friese Wold drage de titel fan nasjonaal park fan Nederlân.

It is ûnder oare de bedoeling dat de parken mei it jild better en grutter makke wurde. Dit kin betsjutte dat yn de takomst bepaalde doarpen en stêden ek ûnder it natuergebiet falle. Om dit foarinoar te krijen wol de minister yn petear mei provinsjes, parken, ûndernimmers en de toeristebranche. Dizze gearwurking moat der foar soargje dat de kwaliteiten fan de parken ferbettere wurde.

De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
(advertinsje)
(advertinsje)