FIDEO: foarútsjen op de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee

26 jul 2019 - 17:59

De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjocht Omrop Fryslân mei skippers en bemanningsleden foarút op de SKS en IFKS. Yn it Skûtsje Kafee skowe ûnder oaren de twa kampioenen fan 2018 oan, Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. It Skûtsje Kafee is freed 26 july fan 18.00 oant 19.00 oere te hearren by Omrop Fryslân fia 92.2FM.

Douwe Visser waard mei Grou kampioen yn de SKS, Geale Tadema die dat mei Eastermar yn de IFKS. Beide hawwe deselde adviseur oan board: Tammo Oosterhof. Ek hy skood oan yn it Skûtsje Kafee.

Mei Jeroen de Vos en Gerhard Pietersma hawwe wy it oer 'pike op it goeie momint' en de jongere generaasje is ek fertsjintwurdige: Arjen de Jong, Pieter Jilles Tjoelker en Steven Sijsling komme del.

It Skûtsje Kafee is dit jier op de Domani, it folchskip fan Drachten. Skipper Jeroen Pietersma en syn bemanning hawwe lang oan it skûtsje wurke wêrtroch't de tarieding op it seizoen koarter west hat as oare jierren. De presintaasje leit yn hannen fan Geartsje de Vries en Afke Boven, muzyk is der fan The Bounty Hunters.

Foto: Omrop Fryslân

It Skûtsje Kafee, live út Grou wei, freed 26 july om 18.00 oere op 92.2FM.

(advertinsje)
(advertinsje)