Oprop: mear boeren moatte lân ûnder wetter sette tsjin de mûzepleach

Noch mear boeren moatte harren lân ûnder wetter sette om de mûzepleach oan te pakken. Dizze oprop docht in tal bestjoerders fan ûnder oare de provinsje mei ferskate gemeenten, LTO Noord en Wetterskip Fryslân. De skea is no al grut, mar sil noch mear wurde as der net mear wetter op de lannen komt.
© Omrop Fryslan
Troch de greiden ûnder wetter te setten fersûpe de mûzen. In pear wiken lyn waard der al ta aksje oproppen. In tal boeren hat ek al maatregels naam, mar it probleem moat noch breder en mear tegearre oanpakt wurde, want oars rint it de klauwen.
"Wy soene it sûnde fine as boeren dy't der gjin ûnderfining mei hawwe, der pas yn oktober efter komme," seit Peet Sterkenburgh fan LTO Noord. "Dan moatst dan noch befloeie, mar dêr is dan net in soad mear oan. Wês derby, no kinst dyn gersmatte der ek noch mei yn stân hâlde en kinst der ek noch in ekstra sneed gers ôfhelje."
Sterkenburgh is dúdlik: "Bin der no by, want oer fjouwer wiken kin it wolris oars wêze."

Besuden Snits

It probleem spilet benammen yn klaai- en feangebieten. "Besuden Snits, rjochting Blauhûs, Tersoal, Terkaple," jout Sterkenburgh oan. "Yn 2014-2015 koene je sjen dat it stadich útstrielde, oan Parregea ta. Ast no oan de gong giest, kinst dat effekt noch wat tsjingean."

Wetter genôch

Nettsjinsteande de waarmte dizze dagen, is der genôch wetter beskikber. "It Wetterskip hat noch foldwaande wetter om 'e hannen, ek út de Iselmar. De oanfier fan de Rien út wie goed. It Wetterskip hat ek al mear wetter ynlitten om de peilen heger te hâlden."

Gearwurking

Gearwurking is dêrby tige wichtich. "Eins moatst it yn in polder mei alle boeren in de rayonbehearder fan it Wetterskip dwaan. Want as eltsenien tagelyk oan de gong giet, wurdt it 'm ek net, dan is der wol wetter te min. De rayonbehearder moat ekstra wetter ynlitte en de boeren moatte ôfstimme dat sy om bar it lân ûnder wetter sette. En soargje der wol foar dat it allegearre dien wurdt, want oars hast kâns dat sy werom komme."
Neffens Sterkenburgh fan LTO Noord is it dus no it momint om yn aksje te kommen. "Boeren binne mânsk genoch, dy moatte efkes oerlizze." As der mar gearwurke wurdt, want oars hat it gjin nut.
Ferslachjouwer Willem de Vries en Peet Sterkenburgh fan LTO Noord
© Omrop Fryslân, Willem de Vries