Partoer Dijkstra-en-dy wint keats-off en pleatst him as lêste foar PC

25 jul 2019 - 20:46

It partoer fan Paul Dijkstra, Hendrik Jan van der Velde en Stefan van der Meer hat tongersdeitejûn yn Frjentsjer de keats-off wûn. Sy pleatse harren dêrmei as sechstjinde en lêste partoer foar de 166e PC fan takom woansdei op it Frjentsjerter Sjûkelân.

Yn de finale wûn it partoer Dijkstra-en-dy mei 5-4 en 6-0 fan Gerrit Jan Duiven, Hendrik Bouwhuis en Leon Bekema. De twa partoeren yn de finale stiene al 16e en 17e op de ranking. Yn de finale rûn it yn it begjin frijwat om en om op. Letter die wol bliken dat it trio Dijkstra de favoryt wie.

Earder wiene Dijkstra-en-dy al mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Tuinenga, Bos en De Groot. Yn de heale finale hawwe Duiven-en-dy ek wûn, mei 5-2 en 6-4 fan Baarda, De Groot en De Jong.

Mei de keats-off waard it moaie waar fan tongersdei bewust ynset as taktyk. Alteast, de sinneskyn soarge derfoar dat der mei opset in soad hege ballen efteryn slein waarden.

Dielnimmende partoeren

- 16e op de ranking
Paul Dijkstra
Hendrik Jan van der Velde
Stefan van der Meer

- 17e op de ranking

Gerrit Jan Duiven
Hendrik Bouwhuis
Leon Bekema

- 18e op de ranking

Wierd Baarda
Marco de Groot
Roel Pieter de Jong

- 19e op de ranking
Corné Tuinenga
Wiebe Wessel Bos
Gjalt Sjirk de Groot

Lotting 1e ronde keats-off

Dijkstra vs Tuinenga
Duiven vs Baarda

De keats-off finale - Foto: Koninklijke Nederlandse Kaatsbond

De lotting foar de PC is kommende moandei. Sawol de lotting as de PC sels binne wiidweidich te folgjen by Omrop Fryslân op ynternet, radio en telefyzje.

Trefwurden: 
keatsen PC keats-off
(advertinsje)
(advertinsje)