Fermiste frou Makkum noch net fûn, sykaksje rint fierder

26 jul 2019 - 08:05

De sykaksje nei in fermiste frou by Makkum hat tongersdei neat opsmiten. De plysje sil freedtemoarn fierder sykje. Tongersdei oan de ein fan de middei waard de kustwacht alarmearre dat der in frou fan in opblaasber flot fallen wie. Dêrnei waarden de helptsjinsten ynskeakele.

It strân by Makkum - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De plysje gie nei de alarmearring nei kampings yn de buert om te ûndersykjen oft der ek in persoan mist waard. Doe waard dudlik dat der yndie in frou mist waard. Der waard tongersdei socht socht mei trije rêdingboaten en in spesjale sonarboat.

Trefwurden: 
Makkum Iselmar wei-wêzen
(Advertinsje)
(Advertinsje)