Koersen Wolvegea freed fanwege de waarmte betider, mar wol fergees

25 jul 2019 - 19:49

It programma fan de koersen dy't freed op de draafbaan yn Wolvegea holden wurde, is fanwege de waarmte flink oanpast. De earste koers wurdt al om njoggen oere ferrûn, ynstee fan tolve oere sa as de oarspronklike planning wie.

Foto: Omrop Fryslân

De tiden binne oanpast fanwege de ferwachte hege temperatueren. Neffens de organisaasje is it net ferantwurde om de hynders op it meast waarme tiidstip fan de dei te ferfieren.

De lêste koers op it Victoriapark wurdt no om alve oere ferrûn, sa't de hynders dêrnei sa gau as mooglik wer thús brocht wurde kinne, Fanwege it betide tiidstip is de tagong no fergees.

(advertinsje)
(advertinsje)