Gemeente Skiermûntseach hat lêst fan yllegale muzykoptredens

25 jul 2019 - 19:26

Skiermûntseach hat yn de simmer lêst fan yllegale muzykoptredens op it eilân. Dat levert yn guon gefallen fragen of klachten op fan omwenners. De gemeente freget minsken dy't sokke optredens fersoargje, meastentiids hoareka-ûndernimmers, de regels nei te libjen.

Skiermûntseach - Foto: ANP

Undernimmers meie tsien kear yn't jier ynsidintele festiviteiten organisearje, mar dêr moat minimaal tsien dagen yn't foar melding fan dien wurde by de gemeente. As in festiviteit bûten hâlden wurdt en der wurde fersterkers brûkt dy't de lûdsgrinzen te bûten gean, dan is in ûntheffing fan de lûdsnoarmen fereaske. De gemeente hat foar in ûntheffingsoanfraach wetlik acht wiken de tiid om it ôf te hanneljen.

(advertinsje)
(advertinsje)