Oerfal by âlderein yn Easterwâlde: njoggen jier sel easke

It Iepenbier Ministearje hat njoggen jier selstraf easke tsjin twa Drinten. Dy wurde der fan fertocht yn july 2018 in âlder pear yn Easterwâlde yn har hûs oerfallen te hawwen. Dêrby waard de 90-jierrige man mishannele, syn 88-jierrige frou krige oant twa kear in mes op 'e kiel set.
© Shutterstock.com
Uteinlik waard it pear opsletten yn it hûs en giene de oerfallers der mei de auto en klûs fan it pear fantroch. Sy riden dêrby troch de garaazjedoar hinne, doe foel de klûs út de auto.
De twa Drinten wurde ek fertocht fan in tal ynbraken en oare fergripen. De twa koene oanhâlden wurde nei't it programma Opsporing Verzocht omtinken oan de oerfal jûn hie.