Sjoerd Galema: "Ek Fryske bedriuwen sille gefolgen Brexit fernimme"

25 jul 2019 - 18:39

Ek Fryske bedriuwen sille de gefolgen fernimme fan de Brexit. Dat is de oertsjûging fan de Fryske wurkjouwersfoarsitter Sjoerd Galema fan Hartwert op de dei neidat Boris Johnson de nije premier fan it Feriene Keninkryk waard.

Sjoerd Galema - Foto: Omrop Fryslân

Johnson hat ferklearre dat er de Brexit trochsette sil op 31 oktober, oft der no in deal leit tusken it Feriene Keninkryk en de Europeeske Uny of net. Omdat it oer goed trije moanne al safier is, is it saak foar bedriuwen dy't hannel driuwe mei it Feriene Keninkryk om har goed ta te rieden op Brexit, seit Galema. VNO/NCW hold earder al in foarljochtingskampanje oer de deal fan Theresa May mei Europa, mar sil dat pas op 'e nij dwaan as krekt dúdlik is hoe't de Brexit der krekt útsjen sil.

"By in no-deal Brexit ferfalle alle ôfspraken. Je krije dan in hurde grins mei alle ym- en eksportheffings, wachttiden oan de grins, ekstra papierwurk. Yn- en útfier wurdt dan djoerder en duorret langer. De Ingelsen sille der sels it measte lest fan hawwe, mar bedriuwen dy't saken dogge mei Ingelân sille it seker ek fernimme." Foar it Fryske bedriuwslibben is it Feriene Keninkryk no noch de op fjouwer nei grutste eksportmerk. Yn hiel Nederlân binne mar leafst 200.000 banen ôfhinklik fan de hannel mei it Feriene Keninkryk.

Stertil út Koatstertille

Bedriuwen mei in fêstiging yn Ingelân sille direkt de gefolgen fernimme fan Brexit. Dat jildt bygelyks foar Stertil yn Koatstertille. De fêstiging yn Ingelân wurdt belevere fanút Fryslân. It leit foar de hân om dizze fêstiging noch foar de Brexitdatum fan 31 oktober fan in buffer oan ekstra guod te foarsjen, om oanslutend te sjen hoe't je beste fierder saken dwaan kinne. Der wurdt rekken hâlden mei in ekonomyske dip yn Ingelân as gefolch fan Brexit en alle byhearrende gefolgen. In oar Frysk bedriuw mei in festiging in Ingelân is de HZPC. Ek dit bedriuw wrakselet mei de Brexit. Yn it Feriene Keninkryk jilde as it giet om patintbeskerming fan jirpelrassen no noch deselde regels as foar de hiele Europeeske Uny. As dat net mear it gefal is, moat it bedriuw mooglik de strategy oanpasse.

Nederlânske suvel

Der leit ek frijwat Nederlânske suvel yn de Ingelske supermerken yn de foarm fan tsiis. Ym- en eksportheffings yn kombinaasje mei de mooglike devaluaasje fan it Ingelske pûn kin dy tsiis wolris te djoer meitsje foar de Ingelske konsumint. Neffens Sjoerd Galema hoecht dat net it grutste probleem te wêzen. "Eltse kontener dy't net mear nei Ingelân kin, wurdt yn Azië mei iepen earms ûntfongen, sa grut is de fraach dêr."

Kennis eksportearje

As boer is Galema fan betinken dat de lânbousektor yn it Feriene Keninkryk it bêste de eigen produksje fergrutsje kin, sadat der minder ymport nedich is. "It is fansels frjemd dat sa'n grut en fruchtber lân net genôch iten produsearret foar de eigen befolking. Faaks kinne we harren dêrby wat helpe. Dan eksporteare je gjin iten, mar kennis." Galema sjocht dat yn de suvel, mar ek yn oare sektoaren, bedriuwen dy't al sykje nei oare merken, dy't it mooglik ynsakjen fan de eksport nei Ingelân opheine kinne.

Ynformateur Sjoerd Galema (CDA) - Foto: Omrop Fryslân

As âld-politikus sjocht Galema mei fernuvering nei it optreden fan Boris Johnson, dy't net fan doel liket te wêzen om in kompromis te sluten mei alle polisity en ynwenners dy't tsjin de Brexit binne. "Der binne yn it Feriene Keninkryk ek in soad minsken dy't grutte muoite hawwe mei Brexit. Ik moat noch sjen dat Johnson in mearderheid krijt yn it parlemint foar syn ekstreme opstelling. As er dy net krijt, giet de hiele Brexit mooglik net iens troch." As foarsitter fan de Fryske wurkjouwers soe Galema dat hielendal net slim fine. "It iennichste dat Brexit oant no ta opleveret is gaos en ûnsekerheid en dat is noait goed foar ekonomyske ûntwikkeling." Mar de wjerstân tsjin Brexit sit djipper by de Hartwerter. "De Europeeske Uny hat wol 70 jier lang foar frede en stabiliteit soarge. Nederlân hat der in soad oan hân, Ingelân ek. Dan kinne je dêr dochs net samar útstappe? Nim fan my mar oan: as se der dochs útstappe komme se der binnen fyftich jier wer op werom."

Sjoerd Galema (VNO/NCW) oer de polityk fan Boris Johnson

(advertinsje)
(advertinsje)