Part duorsume fytsbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl pleatst

Op tongersdei is in fêst brêgedek foar de fytsbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl pleatst. It stik is 32 meter lang en it bysûndere is dat de brêge foar in grut part makke wurdt fan recycled materiaal: flaaks en hars. Dat is nea earder brûkt foar sa'n grut brêge-ûnderdiel.
Komposytbrêge
Yn de nacht fan 9 op 10 july is it stik fan de brêge oer de dyk fan Breukelen nei Ljouwert riden. Dêr wie it foarearst stald. Yn oktober moat de pleatsing fan it beweechbere part plakfine.