Wetterskouting Sint Maarten op besite yn en om de Snitser Mar

Oant sneon is der in groep fan 35 paadfiners út Hoofddorp op besite yn Fryslân: de bern fan wetterskouting Sint Maarten. Der binne nammentlik ferskate soarten: neist lân- en loftskouting dus ek in wetterskouting. En wêr kinne sy better terjochte as yn Fryslân as it om wetter giet?
Skouting © Omrop Fryslân, Willem de Vries
De groep is tongersdei by de Snitser Mar, tusken Terherne en Terkaple. Mar sy reizgje de folsleine provinsje troch, de groep is bygelyks ek al yn Ljouwet en Snits west. Der wurde ûnder oare saneamde 'hikes' dien: kamptochten sûnder begelieding yn in boat by stêden en marren del. Dêrby moatte de paadfiners harren eigen sliepplak en iten foarinoar krije.
In wichtich ûnderdiel fan it programma is it silen. Der binne sylwedstriden en der wurde ek oare spultsjes dien yn en op it wetter. En fansels is der jûntiids muzyk.
Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei de bern fan de skouting
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De paadfiners binne al twa wiken yn ús provinsje. Elts jier besiket de groep in oare lokaasje oan te dwaan. "We vonden het nu wel weer eens tijd voor Friesland," seit ien fan de lieders fan de skouting. Sy hawwe eigen boaten meinommen.
Ferslachjouwer Willem de Vries en de lieding fan de skouting
Wetterskouting Sint Maarten op besite yn en om de Snitser Mar