Nije Fryske waarmterekôrs, op KNMI-stasjon Starum: 36 graden

Fryslân hat in nij offisjeel hjitterekôr: tongersdei is in temperatuer fan 36 graden metten yn Starum. It offisjele KNMI-mjitstasjon notearre dy temperatuer om 17.50 oere. It âlde rekôr wie 34,8 graden, foarich jier july metten yn Ljouwert en Starum. Op it offisjeuze waarstasjon yn Bakkefean waard lykwols in noch hegere temperatuer metten fan 37,4.
FIDEO: ekstreme waarmte yn Fryslân
De Fryske rekôrhjitte komt noch net yn de buurt fan it lanlike rekôr: tongersdei waard yn Gilze-Rijen 40,7 graden metten.

Offisjele en offisjeuze mjitstasjons

Op ferskate plakken yn Fryslân binne ek al hegere temperatueren notearre as it rekôr fan tongersdei yn Ljouwert, mar dat giet dan om net-offisjele mjitstasjons. Sa stie it offisjeuze rekôr op 36,5 graden, metten op 28 july ferline jier yn Sigerswâld. Tongersdei waard it dêr 37,3 graden.
Offisjele mjitstasjons moatte oan ferskate rjochtlinen foldwaan: op 1,50 meter hichte, yn in iepen fjild en yn in 'waarhut': in bakje mei wite lamellen, sadat de sinne der net direkt op skynt, mar de wyn der wol troch kin.
It KNMI hat fjouwer offisjele mjitstasjons yn Fryslân stean: yn Ljouwert en Starum en op Flylân en Skylge. De âlde rekôrs fan dy fjouwer stasjons datearje allegear fan 26 of 27 july ferline jier.

Alde waarrekôrs fan de offisjele KNMI-stasjons

Sinne © Shutterstock.com