Yn hokker mate libbet Domela, de apostel fan de Fryske arbeiders, noch?

25 jul 2019 - 17:12

Hoe libbet Domela Nieuwenhuis noch? Dy fraach wol it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum beäntwurdzje mei in eksposysje op syn 100ste stjerdei. Domela Nieuwenhuis (1846-1919) wie ea in ferneamde sosjalist, dy't by Fryske arbeiders bekend stie as 'ús ferlosser.' Yn 2019 is der in soad omtinken foar syn libben yn ús provinsje.

Yn 2019 is der in soad omtinken foar syn libben yn ús provinsje. Wat is de ynfloed fan de sosjalist op dit stuit noch en giet dy fierder as allinnich yn 'reade fermiddens'? It museum op It Hearrenfean wol foar de tentoanstelling yn novimber 100 portretten fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919) sammelje fan musea en partikulieren mei in spesjaal ferhaal dêrby. Wa't noch in ôfbylding, byld of bygelyks gedicht hat mei in ferhaal oer Domela kin dat by it museum oanjaan.

Portretten fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis - Foto: Ronnie Porte

In soad portretten dy't der al binne lykje op inoar. "Zijn uiterlijk vertoonde sterke overeenkomst met Jezus Christus: een rijzig gestalte met een lange baard, zo werd hij ook geportretteerd. Friese veenarbeiders zagen hem ook als hun verlosser", seit museumdirekteur Linda Palil.

Guon keunstners sille moderne portretten meitsje fan Domela en der komt fierder noch in spesjaal liet, makke troch Meindert Talma. Ek dichters binne wolkom om in fers te meitsjen. Op 17 novimber is de 100ste stjerdei fan de apostel fan de arbeiders.

(advertinsje)
(advertinsje)