Húshâldingen yn Drachten sitte al oardel wike sûnder skjin wetter

25 jul 2019 - 16:50

Wetterbedriuw Vitens advisearret bewenners fan bepaalde strjitten yn Drachten harren liedingwetter te sieden foar't se it brûke. It giet om sa'n 30 húshâldingen dy't oan de Eikensingel, Elzewal, Berkelaan en de Rozentuin wenje.

Yn dit gebiet hat de gemeente Smellingerlân nije riolearring oanlein, wylst Vitens tagelyk nije PVC-liedings pleatst hat. De húshâldingen hawwe dêrtroch efkes sûnder wetter sitten. Om't de kâns bestiet dat der smoargens yn de nije liedingen terjochte kaam is, advisearret Vitens de húshâldingen foar de wissichheid it wetter te sieden tsjin mooglike baktearjes.

Letter op de tongersdei ferwachtet Vitens it advys om it wetter te sieden wer yn te lûken. Op de webside waterstoring kinne ynwenners fan de strjitten yn Drachten sjen oft it advys ek foar harren jildt.

Flessen wetter ynslaan

Sjoukje Akkerman is ien fan de bewenners yn it gebiet. "Wy krigen de folder fan Vitens 14 july op de matte", fertelt se. Sa lang sitte de bewenners al sûnder skjin wetter. Ek witte de bewenners net wat der mei it wetter oan de hân is. "Dat is best aaklik", seit Akkerman. "Sy sizze allinnich dat je nei it sikehûs moatte as je mislik wurde".

It wetter moat trije minuten sieden stiet yn de folder. "Ik moat dus wetter siede yn in panne want in wettersieder slacht nei in minút al ôf", fertelt Akkerman. "En ek de kofje kin net samar út it apparaat". Dûse mei wol en dat docht Akkerman ek gewoan. "Mar de buorlju hiene frege of't de bisten it wol drinke koene en dat wie better fan net. Dan tink je wol efkes: wat is der mei it wetter, want bisten sitte ek oeral oan".

Mei it waarme waar rint de hiele buert nei de supermerke om wetter te keapjen. "Earst helle ik mar trije flessen, want ik tocht dat it sa wol oer wêze soe. Mar no mei it hjitte waar, en ik net wit hoe lang it noch duorret, haw ik der 24 ynslein", seit Akkerman.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op besite by Sjoukje Akkerman yn Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)