Subsydzje foar 27 projekten yn Noardwest-Fryslân

25 jul 2019 - 16:47

It Iepen Mienskipsfûns Noardwest-Fryslân ferlient 27 inisjativen út de regio in subsydzje fan yn totaal 600.000 euro. It giet om projekten dy't de leefberens yn de omjouwing ferbetterje.

It wol fan Sam Westra syn skiep wurdt brûkt troch 'Pleed' - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Ien fan de 27 projekten is Pleed, dêr't de wol fan de Ljouwerter keppel skiep ta tekkentsjes, 'pleeds', ferwurke wurdt. It projekt wol it bewustwêzen fergrutsje op it mêd fan duorsumens. Skieppewol is in grut kultuerhistoarysk goed fan Fryslân, it wie troch de iuwen hinne in grut hannelsmerk fan ús provinsje. Inkelde oare projekten dy't jild krije, binne de buertkamping yn Ljouwert, it boargerinisjatyf BijenFlinterLint, Stiens op wei nei Enerzjyneutraal en it ferfangen fan de besteande ferljochting fan sportpark 'De Lytse Trije' troch LED ferljochting.

(advertinsje)
(advertinsje)