700 sylboaten dogge mei oan Snitswike

25 jul 2019 - 15:55

Der dogge dit jier goed 700 sylboaten mei oan de Snitswike, dy't sneon 3 augustus foar de 84ste kear úteinset. Dat bestjut dat der yn totaal sa'n tûzen dielnimmers binne.

Snitswike - Foto: ANP

Dit oantal is ûngefear itselde as oare jierren. De Snitswike bliuwt dêrmei it grutste sylevenemint op binnenwetter yn Europa. Foar de earste kear yn de skiednis fan de Snitswike sille der dit jier ek wedstriden radiografysk syld wurde.

Yn totaal komme der 30 sylklassen oan de start. De grutste klassen binne Flits, Optimist, Olympiajol, Valk en Pampus. Op de woansdei, de hurdsyldei, sille ek Fryske jachten en boeiers meidwaan. It steatejacht Friso is dit jier de spesjale gast omdat it 65 jier âld is. Ek dogge der 16 boaten mei by de klasse mei silers mei in ferstanlike beheining, de G-klasse. Dat binne der fiif mear as ferline jier doe't, der foar it earst G-silen by de Snitsermar wie.

Trefwurden: 
Snitswike dielnimmers
(advertinsje)
(advertinsje)