Arriva set fjouwer ekstra buslinen yn nei keatswalhalla Frjentsjer mei PC

25 jul 2019 - 15:51

Ferfiersmaatskippij Arriva set takom wike woansdei fjouwer spesjale buslinen yn by de PC. De bussen ride troch de ferskate doarpen fan en nei Frjentsjer.

It Sjûkelân - Foto: ANP

Ofhinklik fan it wen- of opstapplak kinne reizgers in retoerkaartsje keapje foar 5, 7 of 9 euro. Reizgje mei in OV-chipkaart of betelje mei kontant jild is yn dizze bussen net mooglik. De tickets kinne wol online kocht wurde of yn de bus by de sjauffeur mei de pin.

It giet om dizze fjouwer doarpen:

  • Lijn 891: Koarnjum-Frjentsjer
  • Lijn 892: Holwert-Frjentsjer
  • Lijn 893: Warten-Frjentsjer
  • Lijn 894: Akkrum-Frjentsjer
Trefwurden: 
Arriva Frjentsjer PC bussen
(advertinsje)
(advertinsje)