Duo mei bern (12) stelt klean

© Omrop Fryslân
Yn Drachten binne tongersdeitejûn in man, in frou en dy har dochter fan tolve oanhâlden foar it stellen fan klean út in winkel. Doe't de trije in winkel oan de Noarderbuert útrûnen, gie it alarm.
De man rûn hurd fuort, mar waard troch in winkelmeiwurker koart dêrnei pakt. Yn syn tassen siet klean dy't stellen wie. Oan de hân fan in foto fan in tsjûge, dêr't de oare twa fertochten op stiene, koene de frou en har dochter ek oppakt wurde. Se binne meinaam nei it buro.